Ynhâldsopjefte
Wat is it ynlaadskerm?
It ynlaadskerm is in funksje fan Firefox dêr't jo nije en âlde ynlaadbestannen mei byhâlde en beheare kinne. It is in handige manear om te ûntkommen oan de tizeboel fan ferskate finsters mei ynladen bestannen en dochs ynsjoch te hawwen yn it ferrin fan it ynladen.
It ynlaadskerm komt foar it ljocht as
- jo bestannen ynlade
- wannear't jo kieze en
- wannear't jo CtrlCmd+JCtrlCmd+Y op jo toetseboerd type.
Wat kin ik mei it ynlaadskerm dwaan?
Neist it byhâlden op ien plak fan ynformaasje oer al jo ynladen bestannen, beskikt de ynlaadbehearder ek oer handige funksjes dy't maklik tapasber binne op de ynladen funksjes
Underbrekke: Jo kinne altyd it ynladen fan bestannen ûnderbrekke troch op de keppeling Underbrekke ûnder de bestânsnamme te klikken. Dat kin bygelyks handich wêze as jo in lyts ynlaadbestân iepenje moatte nei it út ein setten fan it ynladen fan in grut bestân. It ûnderbrekken fan it ynladen fan bestannen jout jo de mooglikheid om te kiezen hokker fan de bestannen it meast wichtich is om oer te heljen. Klik gewoan op de keppeling Trochgean as jo trochgean wolle mei it ynladen fan dy bestannen.
Ofbrekke: As jo nei it út ein setten fan it ynladen fan in bestân beslute dat jo dat bestân net langer nedich hawwe, is it ôfbrekken fan it opheljen maklik: klik gewoan op de keppeling Ofbrekke neist de bestânsnamme om it ynladen ôf te brekken en jo ferbining frij te meitsjen foar fierder sneupen op it web en foar it ynladen fan oare bestannen.
It bestân iepenje: As it ynladen fan in bestân klear is, komt de keppeling Iepenje neist de de bestânsnamme te stean. Brûk dy om de it ynladen bestân mei te iepenjen.
It bestânselemint fuortsmite: As jo gjin ynformaasje fan in beskaat ynladen bestân opslaan wolle, is it opromjen fan it bestânselemint mei in
simpele mûsklik op te lossen. Brûk gewoan de keppeling Fuortsmite neist de bestânsnamme om it op te romjen.
Nochris besykje in bestân yn te laden: As om watfoar reden dan ek it ynladen fan in bestân net dienmakke wurdt, is it maklik om it ynladen nochris te besykjen. Brûk om in mislearre ynlaadaksje op 'e nij te dwaan de keppeling Op 'e nij neist de bestânsnamme en Firefox sil op 'e nij begjinne mei it ynladen fan it bestân.
Ynlaadmap sjen litte: As jo yn 'e [#download_manager_options YnlaadbehearderopsjesFoarkarren] Firefox ynsteld hawwe om alle ynladen bestannen yn in map te bewarjen, dan kinne jo dy map iepenje troch te klikke op 'e mapnamme oan 'e ûnderkant fan it finster fan 'e ynlaadbehearder.
OpsjesFoarkarren fan de ynlaadbehearder
De opsjesFoarkarren foar de ynlaadbehearder binne tagonklik troch it paniel
Ynladen bestannen yn it finster OpsjesFoarkarren te iepenjen. Sa kinne jo ûnderskate opsjesFoarkarren ynstelle foar it ynladen fan bestannen. Mear ynformaasje oer de ûnderskate opsjesFoarkarren is beskikber op de side OpsjesFoarkarren.
Auteursrjocht © 2003-2008 Meiwurkers fan it Mozilla Help Viewer Projekt.