As jo in nij ljepblêd oanmeitsje, toant Firefox jo meast favorite websites om it beriken fan de winske side makliker te meitsjen as ea. Dit artikel toant hoe't jo websites oan dizze side fêstmeitsje kinne, de foarmjouwing herskikke kinne of de funksje sels útskeakelje kinne as jo dat wolle
Ynhâldsopjefte
Hoe oarderje ik myn topwebsites op de nije ljepblêdside?
Jo kinne de websites dy't op de nije ljepblêdside ferskine ienfâldich fêstmeitsje, fuortsmite en herskikke.
In website fêstmeitsje
- Klik ienfâldich op it punêzepiktogram yn de linkerboppehoek fan de website om dizze yn dy posysje op de side fêst te setten.
In website fuortsmite
- Klik op de “X” yn de rjochterboppehoek fan de website om dizze fan de side fuort te smiten.
Websites herskikke
- Klik op in website en sleep dizze nei de winske posysje. As de website noch net "fêstmakke” wie, sil dizze dat no wol wêze.
Hoe skeakel ik de nije ljepblêdside út?
As jo gjin topwebsites sjen wolle as jo in nij ljepblêd oanmeitsje, kinne jo se ienfâldich ferstoppe:
- Klik op de knop yn de rjochterboppehoek fan de side om de nije ljepblêdside út of wer yn te skeakeljen.
As jo yn noed sitte om jo privacy, kinne jo dizze funksje folslein útskeakelje:
- Type about:config in the address bar and press EnterReturn.
A warning page may appear. Click to go to the about:config page. - Typ browser.newtab.url yn it sykfjild.
- Dûbelklik op de foarkarynstelling browser.newtab.url en wizich de url fan about:newtab nei about:blank.
- Klik op en slút it ljepblêd about:config.